Stimburo leden frege

Tongersdei 6 juny 2024 binne der ferkiezings foar it Europeesk Parlemint.

Foar dizze dei kinne wy noch altiten help brûke!

Stimburo lid

De stimburo’s binne iepen fan 7.30 oant 21.00 oere. As stimburo lid soargest der foar dat de stimming goed ferrint.

Mei de oare stimburo leden nimst de stimpassen yn. Do kontrolearrest it ID-bewiis fan de stimmer en joust de stimmer in stimbiljet.

Fia in e-learning krijst yn it fora útlis oer wat der krekt dien wurde moat.

Moat ik de hiele dei oanwêzich wêze?

Stimburo leden wurkje yn twa ploegen, nammentlik fan 7.00 oere oant 14.00 oere of fan 14.00 oant 21.00 oere. Elkenien telt nei 21.00 oere mei-ïnoar de stimmen.

Betingsten

Der binne gjin yngewikkelde easken. Dit is wat wy fan jo freegje:

  • jo binne 18 jier as âlder
  • jo binne fleksibel
  • jo wurkje netsjes
  • jo hawwe in goede behearsking fan de Nederlânske taal

Oanmelde

Oanmelde kin fia dizze link (link is ekstern)

Nei it oanmelden

In oanmelding betsjut net dat jo automatysk op in stimburo pleatst wurde. Fanút alle oanmeldings wurdt in yndieling makke.

It soe wêze kinne dat jo dêrom gjin sit nimme kinne op in stimburo. Jo wurde dan op in reservelist pleatst.

As der ôfmeldings binne, kinne jo op ‘e nij benadere wurde.