Bestjoer & Organisaasje
- Wa is de baas yn ‘e gemeente?
- Wat docht de gemeenteried foar jo?
- En wat kinne de amtners op it gemeentehûs foar jo betsjutte?
Lês der hjir alles oer en besjoch de mooglikheden om mei te praten en te tinken.
Gemeentlike organisaasje
Amtners hawwe û.o. de taak besluten ta te rieden en út te fieren. Hja dogge dat ûnder lieding fan ‘e heechste amtner, de gemeentesiktaris. Yn ‘e gemeente Ferwerderadiel is dit de hear R.M. Kammer. By de gemeente wurkje sa ‘n 60 amtners dy ’t ûnderferdield binne yn in stêfburo en de trije sektoaren: Boargersaken, Middels & Stipe en Grûngebiet. De amtners wurkje net allinnich op it gemeentehûs, mar ek op ‘e gemeentewerf en yn sporthal “De Heechfinne”.
Gemeentesiktaris

- Ruud Kammer
De hear R.M. (Ruud) Kammer is de gemeentesiktaris. Hy hat de lieding oer de amtners en foarmet de ferbining tusken it kolleezje fan B. & W. en it amtlik apparaat. Hy is ferantwurdlik foar it goed funksjonearjen fan ‘e amtlike organisaasje en is oanwêzich by de gearkomsten fan it kolleezje fan B. & W.
Stêfburo
It stêfburo bestiet út ‘e ôfdielings 'Foarljochting' & 'Ynformaasje & Automatisearring' en falt ûnder de lieding fan ‘e gemeentesiktaris, de hear R.M. (Ruud) Kammer.
Sektor Boargersaken
Sektor Boargersaken, ûnder lieding fan sektorhaad de hear H. (Hans) Steen, is ferantwurdlik foar de tsjinstferliening op it mêd fan wolwêzen, folkssûnens, de “Wet Maatschappelijke Ondersteuning” (WMO), rekreaasje en toerisme, iepenbiere oarder en feiligens, sportbelied, de gemeentlike basisadministraasje (GBA), boargerlike stân, rydbewizen en reisdokuminten. Dy sektor soarget foar de direkte produkt- en tsjinstferliening oan jo as boarger, troch bygelyks it útjaan fan identiteitsbewizen en rydbewizen.

- Hans Steen
Sektor Middels & Stipe
De sektor Middels & Stipe hâldt him û.o. dwaande mei finânsjes en belestings, ynterne saken en personielssaken. It sektorhaad is de hear S. (Sjoerd) Wagenaar.

- Sjoerd Wagenaar
Sektor Grûngebiet
De sektor Grûngebiet is ferantwurdlik foar de ûntwikkeling en it behear fan ‘e romtlike kwaliteit op it grûngebiet fan Ferwerderadiel. De hear J.K. (Johan) Tigchelaar is sektorhaad fan ‘e sektor Grûngebiet. De sektor bestiet út in binnentsjinst en in bûtentsjinst.
De binnentsjinst behertiget saken op it mêd fan:
- romtlike oardering;
- miljeu;
- folkshúsfêsting / werstrukturearring;
- ferkear en ferfier;
- diken en ûnderhâld;
- projekten ta it ferbetterjen fan ‘e leefomjouwing / doarpsfernijing;
- ekonomyske saken / wurkgelegenheid;
- oan- en ferkeapen / ferhier;
- rioelbelied- en behear;
- ûnderhâld gebouwen en brêgen.
De bûtentsjinst soarget foar it útfieren, ûnderhâlden en ûntwikkeljen fan ‘e iepenbiere romte:
- grienfoarsjennings;
- strjitten en pleinen;
- rioelsystemen;
- ynsammeljen / ôffieren grouwe hússmoargens;
- ynsammeljen en fersnipeljen fan takken
- kolkesûgje;
- strjitfeie;
- ûnderhâld oan ûnreplik guod (gemeentlike gebouwen, Abri ‘s, ensfh.).

- Johan Tigchelaar

