Finânsjes en begrutting
It oanlizzen fan in fytspaad, it ûnderhâlden fan ‘e riolearring, it bouwen fan in nije basisskoalle, de restauraasje fan in tsjerketoer: foar alles dat de gemeente docht is jild nedich. Wêrfoar en hoefolle jild beskikber steld wurdt, leit de gemeente fêst yn ‘e begrutting. De begrutting bestiet út ‘e programs: Bestjoer, Feiligens, Ferkear en iepenbiere romte, Lokale ekonomy, Ûnderwiis, Kultuer, rekreaasje en sport, Wurk en ynkommen, Wolwêzen en soarch, Miljeu en Bouwen oan romte. Yn ‘e Programbegrutting en Aktiviteitebegrutting kinne jo dêr alles oer lêze.

