Meldings
Wolle jo melding meitsje fan in stikkene strjitlampe, trottoirtegels dy ’t los lizze, hawwe jo skea konstatearre oan gemeentlike eigendommen lykas bebuording of hekwurk, is der lûdoerlêst, of wolle jo oare saken melde? Skilje dan mei de gemeente fia tillefoannûmer (0518) 41 88 88 en kies yn it menu opsje 9. De tillefoniste notearret en registrearret jo melding. In meiwurker fan ‘e gemeente besiket dan sa gau mooglik it probleem te ferhelpen of ferhelpe te litten. Nei fjouwer wiken moat dat ek echt bard wêze.
Klachten
Hawwe jo klachten oer de wize wêrop ’t de gemeente har wurk dien hat – jo moatte dêrby tinke oan it útfieren fan gemeentlik belied - dan moatte jo dat op in oare wize dwaan. Soksoarte fan klachten moatte streekrjocht en skriftlik by de oanbelangjende meiwurker as ôfdieling yntsjinne wurde. Jo kinne lykwols net kleie oer in beslút fan ‘e gemeente dêr ’t jo in beswierskrift tsjin yntsjinje kinne. Dêr binne oare prosedueres foar, dêr ’t jo geregeld oer foarljochte wurde yn it Sawn Stjerren Nijs. Jo kinne ek gjin klacht yntsjinje oer saken dy ’t langer as in jier lyn plakfûn hawwe.
Wannear ’t jo in klacht yntsjinje, besiket it oanbelangjende sektorhaad de klacht yn oerlis mei kleier en de oanbelangjende meiwurker, ta tefredenens op te lossen. Slagget soks net, dan wurdt de ûnôfhinklike klachtefunksjonaris ynskeakele. Dat is de hear mr. N. Wijma fan Drachten. Hy beleit in harksitting en soarget derfoar dat partijen heard wurde. De hear Wijma hat in advisearjende taak. It gemeentebestjoer nimt in beslút op ‘e klacht. Wannear ’t jo dêrnei net tefreden binne oer it ôfhanneljen fan ‘e klacht, kinne jo telâne by de Nasjonale Ombudsman yn Den Haach.
Nasjonale Ombudsman
Fan ‘e oerheid meie jo ferwachtsje dat dy jo as boarger goed behannelet. Dat bart meastentiids ek wol, mar dêr ’t minsken wurkje, wurde no ienris flaters makke. Binne jo net korrekt behannele troch (in bestjoerder as amtner fan) de gemeente, dan kinne jo in klacht yntsjinje by de Nasjonale Ombudsman. It giet allinne om klachten oer de wize wêrop ’t de gemeente har wurk dien hat, wêrby ’t jo tinke moat oan it útfieren fan gemeentlik belied.
Oan it yntsjinjen fan in klacht is wol in tal betingsten ferbûn. Sa moatte jo earst jo klacht foarlizze oan ‘e gemeente sels (= ynterne klachteregeling). Earst at de proseduere foar de ynterne klachteregeling trochrûn is, kin in kleier by de Nasjonale Ombudsman telâne (eksterne klachteregeling). At jo jo dêr net oan hâlde, wurdt de klacht troch de Nasjonale Ombudsman net yn behanneling nommen.
Foar mear ynformaasje kinne jo telâne by:
- de klachtekoördinator fan ‘e gemeente Ferwerderadiel, de hear Kees Corsèl, till. 0518 41 88 22;
- by de Nasjonale Ombudsman, till. 070 356 3563. Jo kinne ek op ‘e webside fan ‘e Ombudsman sjen: www.ombudsman.nl

