Kolleezje fan B&W

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders (B&W) foarmet it deistich bestjoer fan ‘e gemeente. B&W riede de besluten fan ‘e gemeenteried ta en fiere dy út. De gemeenteried kontrolearret de útfiering troch it kolleezje. Dêrneist fiert it kolleezje selsstannich allerhanne wetten, regelings en sa mear, fan ryk en provinsje út, lykas it ôfjaan fan fergunnings en it ferlienen fan subsydzjes. As deistich bestjoer is it kolleezje fan B&W de earst ferantwurdlike ynstânsje foar de finânsjes fan ‘e gemeente. It kolleezje fiert it personielsbelied fan ‘e gemeentlike organisaasje.


It kolleezje ûnder de B&W-gearkomste alle wiken

Boargemaster en wethâlders beslute by mearderheid fan stimmen. It kolleezje en de leden apart binne foar it belied ferantwurding skuldich oan ‘e gemeenteried. At de gemeenteried it net iens is mei in kolleezjebeslút, kin de ried dat beslút lykwols net werroppe. Wol kin de ried der by it kolleezje op oantrune in oar beslút te nimmen.

De boargemaster  
Boargemaster mr. W. (Wil) van den Berg (CDA)
Foswerterstrjitte 27
9172 PR FERWERT
Till. (0518) 41 14 48  
E-mail: mr.w.vandenberg@ferwerderadiel.nl

De boargemaster wurdt net keazen, mar op oanbefelling fan ‘e gemeenteried beneamd troch de Keninginne. De boargemaster is foarsitter fan it kolleezje fan B&W en de gemeenteried. Yn it kolleezje hat de boargemaster in sintrale rol om ’t er soargje moat foar de ienheid fan it kolleezjebelied. As foarsitter fan ‘e ried hat de boargemaster gjin stimrjocht. De boargemaster moat de kwaliteit yn ‘e ferhâlding tusken bestjoer en boargers beweitsje. Yn it jierliks boargerjierferslach leit er dêr ferantwurding oer ôf. Troch de wei fan dat boargerjierferslach leit de boargemaster alle jierren ek ferantwurding ôf nei boargers en gemeenteried oer hoe bot it bestjoer op ‘e boarger rjochte is. It beneamen fan  ‘e boargemaster jildt hieltyd foar in perioade fan 6 jier. Nei advisearring troch de gemeenteried wurdt in boargemaster meastal automatysk op ‘en nij beneamd. Allinne de Kroan - de Keninginne en de ministers - kin de boargemaster ûntslaan, de gemeenteried dus net.    

De wethâlders
H. (Haije) Talsma (CDA)
Hoofdweg 138
9112 HT  BURDAARD
Till. (0519) 33 27 06
E-mail: h.talsma@ferwerderadiel.nl  

drs. R. (Roel) Ruben (P.v.d.A.)
Hendrik Kroesstrjitte 19
9171 MJ  BLIJE
Till. (06) 2812 4828
E-mail: r.ruben@ferwerderadiel.nl

De wethâlders wurde troch de gemeenteried beneamd. At hja út ‘e gemeenteried sels kommen binne, moatte hja harren riedslidmaatskip opjaan at hja wethâlder wurde. In wethâlders kin ek fan bûten de ried komme. It tal wethâlders is, lykas it tal riedslieden, ôfhinklik fan it tal ynwenners fan ‘e gemeente. Ferwerderadiel hat 2 wethâlders. De wethâlders hawwe harren eigen taakgebiet of portefúlje.

Portefúljeferdieling

Boargemaster mr. W. van den Berg (CDA):   

     

  • finânsjes;
  • iepenbiere oarder en feiligens;        
  • foarljochting;        
  • personielssaken;        
  • ekonomyske saken;        
  • algemien iepenbier bestjoer;        
  • ynformaasje & automatisearring;        
  • yntergemeentlike gearwurking;        
  • gemeentlike eigendommen;        
  • monuminten;        
  • rekreaasje en toerisme.  

Wethâlder H. Talsma (CDA) (1e loko-boargemaster):  

      

  • folkshúsfêsting en romtlike oardering;
  • iepenbiere wurken;        
  • ferkear en ferfier;        
  • bûtentsjinst (riolearring, grien, reiniging);        
  • miljeu;        
  • Frysk.  

Wethâlder drs. R. Ruben (P.v.d.A.) (2e loko-boargemaster):        

 

  • sosjaal-kultureel wurk;
  • maatskiplik wurk;        
  • folkssûnens en soarch;        
  • jongerein- en âldereinwurk;        
  • berne-opfang (wêrûnder pjutteboartersplakwurk);        
  • keunst en kultuer;        
  • sport;        
  • sosjale saken en sosjale wurkfoarsjenning;        
  • edukaasje;        
  • ûnderwiis.

Sprekoere B&W

Wolle jo ynformeel wat beprate mei in bestjoerder? Dat kin. Boargemaster en wethâlders hâlde op ôfspraak sprekoere. Ynformearje nei de mooglikheden fia till. (0518) 41 88 88.It sprekoere is lykwols net bedoeld foar offisjele petearen, wêrby ’t ek amtners oanwêzich wêze moatte. Dan moat der in aparte ôfspraak makke wurde.