Kommisje foar de beswierskriften
Binne jo it net iens mei in beslút fan 'e gemeente? Dan kinne jo fia in brief of
digitaal beswier meitsje. De beswieren wurde foarlein oan ‘e kommisje foar de beswierskriften. Dy kommisje hâldt in harksitting, dêr ’t beswierde syn of har beswier neier yn taljochtsje kin. Dêrnei bringt de kommisje in advys út oan it oanbelangjende bestjoersorgaan, dat de saak dêrnei op ‘en nij oerweaget en in beslút nimt.
De kommisje bestiet út trije leden. Dy sitte net yn ien fan 'e bestjoersorganen. Riedsleden hawwe dan ek gjin sit mear yn 'e kommisje foar de beswierskriften. Yn 'e kommisje hawwe de neikommende persoanen in sit:
foarsitter: de hear drs. H. Schukking
leden: mefrou mr. R. van der Wal-Bosch en mefrou mr. G. Koopman
Wolle jo mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Kees Corsèl, till. (0518) 41 88 22 of stjoer in
e-mail

