Leden provinsjale steaten op besite by CJG Middelsee
09-09-2010 09:55
Op woansdei 8 septimber 2010 hat in delegaasje fan steateleden op besite west by it Centrum voor Jeugd en Gezin Middelsee. Wethâlder Dijkstra, beliedsmeiwurker Annewiep Bloem en koördinator Annelien Ellerman hawwe útlis jûn oer it ta stân kommen fan it CJG Middelsee en de deistige praktyk.
De steateleden wienen tige ynnommen mei de praktyske en fan ûnderop oanpak fan it CJG Middelsee. Ek it feit dat yn it CJG Middelsee fjouwer gemeenten gearwurkje waard bot op priis steld. Mei dizze kompliminten binne wy fansels tige wiis. It sterket ús yn ús oertsjûging dat wy mei it CJG Middelsee op de goeie wei binne. Wy geane dan ek entûsjast fierder om it CJG Middelsee fierder út te bouwen. Jo kinne ús fine op www.cjgmiddelsee.nl


