Toerisme & Rekreaasje
De gemeente Ferwerderadiel hat toeristen en deirekreanten in soad te bieden. Yn gearwurking mei ûndernimmers wol de gemeente jo ferbliuw sa oangenaam mooglik meitsje.
Rekreearje yn Ferwerderadiel

Beskerme doarpsgesichten, moaie tsjerken, histoaryske terpen en kleasters en de ûnoantaaste kwelders by de Waadkust lâns binne sa mar in pear fan 'e skaaimerken fan it fariearre lânskip yn Ferwerderadiel. Foar fakânsjegonger en deirekreanten dy 't hâlde fan rêst, romte, kultuer en natuer is Ferwerderadiel in prachtige gemeente yn 'e regio Lauwerslân.
Yn Ferwerderadiel binne in soad fyts- en kuiermooglikheden. Neist ferskate lanlike fytsrûtes lykas de Waadseerûte en de Rietlânrûte binne der ek in soad regionale rûtes dy 't jo by de ferskate nijsgjirrichheden lâns fiere. Der kin yn Ferwerderadiel fytst wurde oan 'e hân fan it Fytsrûtenetwurk Noardeast Fryslân. Dat netwurk ferknopet lytsere fytsrûtes oan inoar. Sa kin in eigen fytsrûte gearstald wurde.
Neist fytsen en rinnen, biedt Ferwerderadiel ek genôch wettersportmooglikheden lykas farren, fiskjen en kanojen. Burdaard is mei har lizzing oan 'e Dokkumer Ie in bekend oanlisplak foar wettersporters en dat soarget yn 'e simmer foar in gesellige drokte. Neist in passantehaven binne der in minikamping en trekkershutten oanwêzich. It farwetter fan 'e Dokkumer Ie rint fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert dwers troch Ferwerderadiel nei Dokkum.

