Ûndernimme & bedriuwen

De gemeente Ferwerderadiel jout romte oan ûndernimmers.

Ûntdek hoe’t jo hjir wurk kombinearje kinne mei de rêst en de romte fan it plattelân.

Undernimme yn Ferwerderadiel

De gemeente Ferwerderadiel is, troch har lizzing oan it Waad en op koarte ôfstân fan Dokkum en Ljouwert, in oantreklik fêstigingsplak foar bedriuwen dy 't wurk kombinearje wolle mei de rêst en romte fan it plattelân. Dêrneist binne der yn Ferwerderadiel in soad mooglikheden om te wenjen by it eigen bedriuw.

Karakteristyk foar de gemeente binne de soad agraryske aktiviteiten op it plattelân mar de gruttere doarpen ha ek noch oare bedriuwigens lykas yndustry, tsjinstferliening en lytshannel. In tal fan dy bedriuwen binne sels ynternasjonaal bekend. Dy bedriuwen soargje neist in soad foarsjennings ek foar wurkgelegenheid foar de ynwenners fan Ferwerderadiel, dy 't graach yn 'e eigen gemeente wurksum binne.

Ferwerderadiel biedt ferskate fêstigingsmooglikheden foar bedriuwen. Foar mear ynformaasje hjiroer kinne jo kontakt opnimme mei de bedriuwenkontaktfunksjonaris fan 'e gemeente Ferwerderadiel, de hear Bas de Boer, till. (0518) 41 88 57. Hy is ek berikber fia e-mail: b.de.boer@ferwerderadiel.nl