Wenje & Wurkje
Ferwerderadiel is in noflike gemeente om yn te wenjen en te wurkjen. Yn dit menu lêze jo watfoar bydrage de gemeente oan jo wenplezier leveret. Watfoar foarsjennings binne der?
En wat hat de gemeente te bieden oan de jongerein en de âlderein? Jo kinne it hjir lêze:
Wenje yn Ferwerderadiel

Wenje yn Ferwerderadiel betsjut wenje yn ien fan 'e gesellichste doarpskearnen, oan it wetter as op in moaie pleats yn it bûtengebiet. Yn 'e gruttere doarpen Ferwert, Burdaard, Marrum en Hallum is de middenstân rom fertsjintwurdige, der binne publike foarsjennings en dat soarget foar in goed leefklimaat.
Op it mêd fan it ûnderwiis hat Ferwerderadiel ek in soad te bieden. Der binne ferskate goede basisskoallen en pjutteboartersplakken en der binne ek mooglikheden foar fuortset ûnderwiis, oan it Dockingacollege yn Ferwert. Dêrneist wurde de neikommende foarmen fan berne-opfang bean: bernedeiferbliuw, bûtenskoalske opfang en gastâlderskip.
Yn alle doarpen binne folop sportfoarsjennings oanwêzich. Neist fuotbaljen kinne jo tennisje, basketbalje, follybalje, biljerte, keatse en darte. Ek binne der mooglikheden foar reedriden, swimmen, hynsteride of gimmestyk en yn Ferwert is in Sportmoetingsplak besteande út in skeelerbaan, twa ferhurde multifunksjonele sportfjildsjes en in gersfjild foar ferskate sporten.
Troch de goede ferbiningsdiken binne jo, fan Ferwerderadiel ôf, mei tweintich minuten riden yn Dokkum as Ljouwert. Ek is de gemeente, troch in goed netwurk fan buslinen, poerbêst berikber foar minsken dy 't gebrûk meitsje fan it iepenbier ferfier.
Ferwerderadiel is in moaie wenomjouwing foar minsken dy 't hâlde fan rêst, romte en de geselligens fan in plattelânsdoarp. Foar it wente-oanbod yn Ferwerderadiel kinne jo kontakt opnimme mei de regionale makelerdijen of Wonen Noordwest Friesland

