Gemeente Ferwerderadiel wint Anita Andriesen Priis 2010
18-08-2010 11:03
Us gemeente hat de Anita Andriesen Priis foar 2010 wûn. Dy priis is takend om 't in ûnôfhinklike sjuery fan betinken is dat ús gemeente tige goed omgiet mei de romtlike kwaliteit. Op 15 septimber o.s. wurdt de priis útrikt en sil de sjuery in taljochting jaan. Plak en tiid binne noch net bekend. It is de earste kear dat dizze priis útrikt wurdt.